Westereenders ha harren nocht fan ferkearsoerlêst

07 nov 2017 - 18:05

Bewenners oan de Miedloane yn De Westereen lûke fanwege ferkearsoerlêst yn harren strjitte oan de bel by de gemeente Dantumadiel. Sûnt de oanlis fan de Sintrale As brûkt it ferkear út De Westereen en de omlizzende doarpen de Miedloane as slûpwei nei de nije N356.

It tal auto's dat deis oer de Miedloane rydt, is tanaam fan 500 oant sa'n 2.000. Foar kuierders is it der minder feilich as foarhinne en ek de lûdsoerlêst is tanaam. De gemeente hat earder al drompels yn de dyk oanbrocht en de maksimumsnelheid ferlege, mar dat fine de bewenners net genôch. Sy wolle mear ferkearsbelemmerjende maatregels.

Plannen fan de gemeente om yn oerlis mei oare gemeenten en de provinsje op gruttere skaal nei oplossings te sykjen, kostje neffens de bewenners tefolle tiid. Wethâlder Roelof Bos hat nei oerlis tasein dat er ynkoarten mei de bewenners om tafel giet. Bos is it der mei iens dat der wat barre moat en sil besykje om dêr jild foar te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)