Untwikkeling sinnepark Appelskea kostet gemeente jild

© ANP
De ûntwikkeling fan in sinnepark bij Appelskea smyt de gemeente Eaststellingwerf in ferlies fan hast fjouwer ton op. Om it sinnepark mooglik te meitsjen hat de gemeente in pleats oankocht en trochferkocht. Mar dat wie foar in flink legere priis. Guon partijen yn de ried fan Eaststellingwerf binne dêr net sa bliid mei, foaral omdat se der mei in koarte meidieling fan op de hichte brocht binne. Se binne der earder net oer bypraat. Wethâlder Van de Boer fan Eaststellingwerf seit dat it net de bedoeling west hat om ynformaasje foar de ried achter te hâlden.
De gemeente hie de pleats en de grûn der om hinne nedich om trochferkeapje te kinnen oan de eigener fan de golfbaan dernjonken. Dy kin op dy grûn útwreidzje. Oan de oare kant fan de golfbaan kin dan dat sinnepark komme. Neffens de wethâlder wurdt troch dizze deal in eventuele proseduere oant de Ried fan Steat ta foarkaam.