Reedlike lotting foar darter Noppert op Grand Slam

© Lawrence Lustig, PDC
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat tiisdeitemiddei reedlik lotte foar de Grand Slam of Darts 2017. Dit grutte telefyzjetoernoai fan de PDC set sneon útein yn it Ingelske Wolverhampton. De 26-jierrige Noppert komt út yn pûl D en moat it opnimme tsjin Daryl Gurney, Darren Webster en Mark Webster. Webster wûn yn 2008 Lakeside.
De bêste twa spilers fan elke pûl gean troch nei de achtste finales. Dêr slagge Noppert ferline jier yn, mar dêrnei gie er mei 10-9 ûnderút tsjin twafâldich wrâldkampioen Gary Anderson.
It is foar Noppert syn earste grutte telefyzjetoernoai, nei't er begjin septimber besleat him folslein op syn karriêre as darter te rjochtsjen. De Grand Slam of Darts is fan kommend wykein ôf te folgjen op RTL7.