Wa wurdt dit jier de sterkste man fan Fryslân?

Frachtweinlûke, mei beamstammen sjouwe en haltertille. Dit wykein komme de breedste mannen fan Fryslân wer byinoar om út te fjochtsjen wa't de Sterkste fan ús provinsje is. Neffens organisator Wout Zijlstra hat it evenemint dit jier it sterkste dielnimmersfjild ea. Jan Wagenaar is ien fan de favoriten. Hy mocht al seis kear mei de titel pronkje. Titelferdigener Arno Louwsma is der net by. Hy is blessearre.
De Sterkste man fan Fryslân wurdt snein hâlden by it evenemint fan de Hobbybeurs yn it WTC yn Ljouwert. Sneon is der ek al in wedstryd foar dielnimmers oant 105 kilogram.