84-jierrige bestjoerster auto Hearrenfean ferstoarn

07 nov 2017 - 16:51

De 84-jierrige bestjoerster fan de auto dy't tiisdeitemoarn lâns de Herenwal op It Hearrenfean yn it wetter telâne kaam, is yn it sikehûs ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke. De auto bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn de feart tusken de Herenwal en de Fok.

Omstanners en in plysjeman sprongen achter de auto oan en hellen de bestjoerster út it wetter. Yn de hektyk waard earst tocht dat der twa minsken út de auto helle wiene, mar al gau die bliken dat dat ien fan de helpferlieners wie. 

Trefwurden: 
Hearrenfean auto te wetter
(advertinsje)
(advertinsje)