Provinsje set plan foar wynmûnepark Ofslútdyk troch

07 nov 2017 - 16:03

Deputearre Steaten sette de plannen foar it wynmûnepark Nij Hiddum-Houw by de Ofslútdyk troch. Mar de plannen binne wol wat oanpast. Sa meitsje de nije mûnen minder leven en sille huzen tichtby gjin lêst krije fan it slachskaad fan de wynmûnen. Fan freed ôf lizze de plannen offisjeel op besjen. As it oan Deputearre Steaten leit, komme der njoggen megawynmûnen by de Ofslútdyk. Dy ferfange de besteande mûnen yn it gebiet. Se binne neffens Deputearre Steaten needsaaklik om de doelen op it mêd fan skjinne enerzjy te heljen.

Yn de omjouwing is in soad ferset tsjin de grutte wynmûnen. Minsken fine dat de provinsje te min nei har beswieren harket. De Stichting Hou Friesland Mooi hat in koart pleit oanspand. Dy hat in alternatyf plan en wol dat dêr nei sjoen wurdt. Mar neffens Deputearre Steaten is dat plan net realistysk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)