Glutefrije Pyt by de lanlike yntocht fan Sinteklaas

07 nov 2017 - 15:16
Kleurde piten by de yntocht yn Maassluis - Foto: ANP

By de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum rint dit jier ek in glutefrije Pyt mei. Dizze Pyt soarget derfoar dat bern dy't net oer gluten kinne, pipernuten sûnder gluten krije. Foar bern mei in glute-allergy wie de yntocht fan Sinteklaas foarhinne faak wat minder feestlik, om't se de pipernuten dy't útdield waarden net ite koene.

Boppedat koene dizze bern de Piten ek gjin hân jaan, want dy Piten ha meastal de krûmels fan de pipernuten noch op de moffen sitten. De glutefrije Pyt rint dit jier ek mei op oare plakken dêr't Sinteklaas oankomt, ûnder oare yn Drachten. De glutefrije Pyt is in inisjatyf fan de Nederlandse Coeliakie Vereniging.

De lanlike yntocht fan Sinteklaas fynt op sneon 18 novimber plak yn Dokkum.

Trefwurden: 
Sinteklaas yntocht glutefrij
(Advertinsje)
(Advertinsje)