Kafee Nobel fan It Amelân bêste kafee fan Fryslân

Kafee Nobel op It Amelân is it bêste kafee fan Fryslân. Yn de Misset Horeca ferkiezing is it Amelanner kafee op it njoggentjinde plak einige. "Dit is weer een prachtige prijs. We zijn er hartstikke blij en trots op voor het hele team dat wij de beste van Friesland zijn geworden", seit eigener Barend Nobel yn De Middei fan Fryslân. Hy wie tegearre mei de eigener fan Nescafé op It Amelân nei de bekendmakking ta. Dat waard hâlden yn studio 21 yn Hilversum. Nescafé tocht ek heech yn de top 100 te eindigjen mar der wie wat misgien. Barend Nobel: "Zijn vrouw was vergeten hem op te geven." Se koene der smaaklik om laitsje.
Moai spektakel
Barend fûn it wol moai dat se der by wiene. Der wiene ûngefear 800 minsken út it fak. "Het was een heel mooi spektakel. Het is voor heel caféland mooi. Je schrijft je er voor in, je werkt er aan met elkaar en dan is het fantastisch dat we op zo'n mooie plek zijn geëindigd."
Trije kear yn de top 100
It njoggentjinde plakje yn de kafee top 100 is net de ienige fermelding fan dit jier fan Nobel. "Dit jaar zijn we als enige in Nederland in drie lijsten gekomen: de terras top 100, de café top 100 en de koffie top 100. Daar kregen we ook een vermelding voor", seit Barend grutsk.
De heechste Fryske nijkommer yn de list fan 100 bêste kafees is De Markies yn Ljouwert. Se steane op plakje 23.