Restauraasje beurtskip sjit moai op

De restauraasje fan beurtskip 'it Dorp Grouw' yn Droegeham is in hiel ein opsketten. En wat miskien noch wol wichtiger is, dit wurkûnderfiningsprojekt hat in soad minsken fierder holpen. Sa hawwe tweintich dielnimmers der in baan oan oerhâlden en in soad oaren hawwe no in better idee fan wat sy noch kinne.
It projekt is in gearwurking fan lokale bedriuwen mei de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dêr't 58 minsken oan meidien ha.
De metaalbewurking barde yn in loads yn Droegeham en dat is no dien. De tsjalk wurdt aanst striele wêrnei't it yn Earnewâld fierder ôfboud wurdt. It projekt yn Droegeham bliuwt bestean. Derfoar is der in nij beurtskipke fûn dat eartiids molke ferfierde.
De kaartebakken reitsje no mei de oanlûkende ekonomy wol wat leger, mar der sitte neffens projektlieder Bryan Kes noch genôch minsken thús dy't oan it projekt meidwaan kinne.