Earste bands Into the Grave binne bekend

07 nov 2017 - 13:26
Foto: Omrop Fryslân, Maarten Bruining

De doommetalband Paradise Lost, deathmetalband Dying Fetus, Toxic Holocaust, Goatwhore en Nails. Dy bands spylje takom jier augustus op it Ljouwerter metalfestival Into the Grave. It binne de earste nammen dy't troch de organisaasje bekend makke binne. De earste tûzen kaarten foar it festival binne no te keap. Paradise Lost stie yn 2013 ek op Into the Grave en de organisaasje is bliid dat se no wer komme. Into the Grave is op 10 en 11 augustus op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Into the Grave Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)