In mobile telefoan foar in beuker fan fjouwer?

07 nov 2017 - 13:03

In bern fan fjouwer jier mei in mobile telefoan. It komt hieltyd faker foar. Fiif persint fan de bern yn dizze leeftiid hat der al ien yn de bûse. Dat docht bliken út ûndersyk. Yn groep acht fan de basisskoalle bist hast in útsûndering ast der net ien hast.

Op de Simon Havingaskoalle yn Snits ha de measte bern wol in mobile telefoan, mar se sjogge dêr net dat hieltyd jongere bern ien hawwe. Yn de klasse mei de telefoan ek perfoarst net brûkt wurde. Hy moat yn de tas bliuwe of ynlevere wurde by de juf. Dochs binne der ek noch genôch bern dy't net ien hawwe. En echt slim fine se dat net.

Trefwurden: 
mobile telefoan beukers
(Advertinsje)
(Advertinsje)