Gjin prizen foar shorttrackers

30 okt 2011 - 14:17

De Fryske shorttrackers ha har op de wrâldbekerwedstriden yn it Kanadeeske Saguenay net yn de prizen ride kinnen. Op de 500 meter waard Daan Breeuwsma sneon diskwalifisearre. En op de 1500 meter einige Sjinkie Knegt op in 8e plak. De Ljouwerter Itzhak de Laat einige as 29e.

Der wie in opstekker foar Knegt yn de B-finale. Knegt gie yn de finale op jacht nei de ûntsnapte koprinner Ruslan Zakharov. Dat slagge, Knegt wûn de B-finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)