Fatale brân Sint-Nyk ûntstien troch stekflam fleksapparaat

De útslaande brân yn in loads yn Sint-Nyk is moandei ûntstien troch in ûngelok mei in fleksapparaat. Yn de loads wiene twa broers oan it wurk mei in auto, doe't by it fleksen in stekflam ûntstie. Dat seit de plysje. De auto en de loads stiene fuortendaliks yn 'e brân. De âldste broer, dy't njonken de auto stie, koe noch op eigen krêft út de loads komme. De jongste broer stie ûnder de auto yn de saneamde 'smarput'. Hy koe net mear fuortkomme en is by de brân omkommen.
De brân waard ûntdutsen troch in plysjefrou.