Noch in soad fragen oer wynmûnepark Nij Hiddum-Houw

07 nov 2017 - 11:57

De Partij fan de Arbeid en ferskate oare partijen yn de Steaten hawwe noch in soad fragen oer de bou en planning fan it wynmûnepark Nij Hiddum-Houw by de Ofslútdyk. It kolleezje beslist tiisdei oft it plan sa't it der no leit oan it publyk foarlein wurdt of dat dit útsteld wurdt. Yn it plan wurde de wynmûnen dy't no yn it gebiet steane ferfongen troch de bou fan njoggen megamûnen fan maksimaal 140 meter.

Fan út ferskate aksjekomitees en de befolking bestean dêr beswieren tsjin fanwege ûnder oaren it lûd en de hichte fan de mûnen. Ek yn de polityk libje noch fragen. 

Trefwurden: 
wynmûnepark Hiddum-Houw
(advertinsje)
(advertinsje)