Omrop TIP: Wat makket in thús ta in thús?

11 nov 2017 - 08:23

Wêr fielst dy thús? En wat is dan krekt itjinge dat dy it gefoel jout, datst thús bist? Mei dizze fragen gie Froukje op reis troch Fryslân. Op it skip de Eestroom fear sy tegearre mei har heit én skipper Jan van Wengerden troch Fryslân.

Flak foardat Froukje van Wengerden berne waard ferhuzen har âlden nei it noarden fan Fryslân. Sy joegen har in Fryske namme en op har paspoart stiet foar ivich in Frysk berteplak. Al op jonge leeftiid dreamde se fan in wrâld fier fuort fan Fryslân en op har achttjinde reizge se nei Amsterdam. Goed tsien jier letter komt se werom nei Fryslân, tegearre mei har heit en syn skip de Eestroom.

Underweis spruts Froukje mei in soad minsken oer it tema thúsfiele. Miskien hat dat te krijen mei it plak dêr’tst berne bist; in gewoan doarp earne yn Fryslân. Of bist dêr ea mei in hiele goede reden weigien, en wolst nea wer werom. Miskien komst net út Fryslân, mar út in hiel fier lân, en moatst it mar oprêde op it plak dêr’tst tafallich telâne kommen bist. Elk mins hat syn eigen ferhaal.

In road-movie oer it wetter mei as fraach: wat makket in thús ta in thús? Wêrom lûkt de iene it leafst fan plak nei plak en wol de oare syn libben lang op itselde plakje wenjen bliuwe?

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Thúshaven Bartlehiem’ giet sneontemiddei yn premjêre op it Noordelijk Filmfestival en is op snein 12 novimber fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)