Undersyk: Friezen claime skea troch brân minst faak

07 nov 2017 - 10:42
Foto: ANP

Friezen claime mei Siuwen it minst faak skea troch brân. Dat docht bliken út sifers fan de brânwacht en it bûn fan fersekerders. De measte claims fanwege brân wurde dien om de jierwiksel hinne. Brân ûntstiet neffens de sifers it meast troch itensiede, stoke, elektryske apparaten, elektra en smoke.

Neffens de brânwacht ûntstiet der ek hieltiten faker brân trochdat minsken telefoans of tablets oan de stroom hâlde, wylst se al opladen binne. Se kinne dan te hyt wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)