Auto rekket te wetter op It Hearrenfean

07 nov 2017 - 10:36

De bestjoerster fan de auto dy't fannemoarn lâns de Herenwal op It Hearrenfean yn it wetter telâne kaam, is yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. De auto bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn de feart tusken de Herenwal en de Fok. Omstanners en in plysjeman sprongen efter de auto oan it wetter yn en hellen de bestjoerster út it wetter.

Yn de kommoasje waard earst tocht dat der twa minsken út de auto helle wiene, mar al gau die bliken dat dat ien fan de helpferlieners wie. De omstanners binne nei it plysjeburo brocht om wer op te waarmjen.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)