Plysje siket fytsende tsjûge fan deadlike stekpartij

07 nov 2017 - 10:13
Blommen by it plak fan de stekpartij - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De plysje yn Ljouwert siket yn de saak fan de deadlike stekpartij op it Jacobijnertsjerkhôf op 10 oktober in spesifike tsjûge. It giet om in man op in fyts. Op bylden fan in befeiligingskamera is te sjen dat de man fan de Nieuweburen ôf de Monnikemuurstrjitte ynfytst, yn de rjochting fan de Jacobijnertsjerkhôf.

De fytser hat in bril op en hie in koarte jas oan. It ûndersyk nei de stekpartij rint noch hieltyd. In 35-jierrige man waard troch foarbygongers swierferwûne oantroffen op strjitte. It slachtoffer ferstoar koart dêrnei. De plysje hat in 38-jierrige Ljouwerter oanhâlden as fertochte. De man sit noch fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)