Twa ûngelokken op de Wâldwei by Garyp

07 nov 2017 - 08:24

Op de Wâldwei (N31) by Garyp hat tiisdeitemoarn in botsing west tusken in frachtwein en in tsjinstbus. De frachtwein kaam yn de sleat telâne, de sjauffeur rekke beknypt en moast troch de brânwacht befrijd wurde. Twa passazjiers fan de tsjinstbus binne mei lichte ferwûningen nei it sikehûs brocht. Foar de oare passazjiers is ferfangend ferfier regele.

Yn de file dy't nei it ûngelok op de Wâldwei ûntstie rekke in buske mei skoalbern belutsen by in twadde botsing. De sân bern yn it buske kamen mei de skrik frij. De Wâldwei fan Ljouwert nei Drachten is by Garyp ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok Garyp N31 Wâldwei
(advertinsje)
(advertinsje)