Kollum: "Roboseksueel"

"Dizze kollum waard út ein skettten troch in berjocht oer Johan Vlemmix. Foar dyjingen dy’t him net kenne: Vlemmix is û.o. bekend wurden troch syn bydragen oan ‘Ter land, ter zee en in de lucht’, troch syn Partij van de Toekomst en troch it feit dat er yn in hûs wennet, of wenne hat, dat in replika fan Paleis Soestdijk is.
Dy Vlemmix is dus roboseksueel. It blykt dat er nammentlik neat mei minsken hat as it oer de leafde giet, inkeld mei poppen. Dy binne teminsten skjin, sitte net mei de fingers oan syn húsrie en bliuwe sitten dêr’t er se delset hat. Dy poppen binne ek in prima remeedzje tsjin iensumens, seit er. Draaide er oars allinne plaatsjes yn de bar fan syn kelder, no sitte dêr trije froulike poppen. Hy heakket dêroan ta dat er der noch gjin seks mei hân hat, noch net, mar dat it wol kin omdat se fan ûnderen identyk oan in echte frou binne…
Behalve dat it my yntins treurich makke, sette dat berjocht my ek oan it tinken. Gunde er ús troch syn iepenhertigens in blik yn de takomst, dy eardere lieder fan de Partij van de Toekomst? Want as ien technologyske revolúsje it libben fan de minskheid yngeand feroarje sil, is dat dy fan de robotika. De robotisearring, dêr’t ek digitalisearring en nije technology ûnder falt, makket gigantysk progresje. Net allinne yn de auto- en itensyndustry, mar ek yn de medyske wittenskip, de sûnenssoarch en yn de wrâld fan de advokatuer. Ja, jim hearre it goed. Ik ha it oer de keunstmjittich yntelliginte roboadvokaat Ross, in útfining fan IBM.
Ross is foarich jier al ynhierd wurden troch it Amerikaanske advokatekantoar Baker&Hostetler, en ûnderwilens al troch mear kantoaren. Want ast Ross in fraach stelst fljocht er yn in pear tellen troch miljoenen juridyske dokuminten om dêrnei mei deeglike en motivearre antwurden op ’e proppen te kommen. Tagelyk hâldt Ross alle ûntjouwings op it mêd fan wet- en regeljouwing by. Boppedat klaget en kliemt er net, hoecht er noait leansferheging en sit er net achter froulike advokaten oan te jachtsjen. Netflix hat trouwens bekend makke dat se ophâlde mei Suits, nei oanlieding fan dizze ûntjouwings.
De robotisearring giet mei fleanende faasje. It fenomeen Machine Learning –masines dy’t masines ûntwerpe en traine– is amper te befetsjen. Underdompele yn in see fan data leare computers spontaan patroanen te werkennen en te foarsizzen. De snelheid en de korrektens dêrfan kaam sels de yngenieurs oer ’t mad. Robots wurde hieltyd tûker, minsken hieltyd dommer. Wy ha gjin ûnthâld of rjochtingsgefoel mear nedich. De technology skept ús brein leech. Toch is dizze revolúsje net te kearen, en moatte wy dat ek net wolle. De medyske wittenskip, de sûnenssoarch en sels it miljeu (want: minder fersmoargjend frachtferkear oer see, oer lân en yn de loft, wy printsje sels ús ûnderdelen foar fan alles en noch wat) sille dêr baat by ha. De foardielen stean de neidielen, sa’t it no liket. Allinne dat byld fan Johan Vlemmix dy’t in trio hat mei Inge, Helen en Ficke yn de bar fan syn kelder reitsje ik mar net kwyt…#help!"