Foar it earst ûnder it kanaal troch by Harns

07 nov 2017 - 06:00

De nije N31 by Harns is tiisdeitemoarn iepengien foar it ferkear. Fan de fjouwerbaanswei binne foarearst mar twa rydbanen iepen. De wei is ferdjippe oanlein en giet ûnder it Van Harinxmakanaal troch. As de oare twa rydbanen ek iepengean, wat neffens planning yn desimber barre moat, is de hiele wei tusken Amsterdam en Ljouwert fjouwerbaans. De totale kosten fan de oanlis fan de nije N31 by Harns bedrage 146 miljoen euro.

Fannacht is der troch sa'n 100 man noch drok wurke om alles klear te krijen. De wurkers oan de nije N31 binne grutsk dat dit moaie karwei no foar in grut part klear is en dat it ferkear gebrûk meitsje kin fan de nije dyk.

Trefwurden: 
N31 Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)