Thússoarchorganisaasjes wach op sikehûsbaktearje

06 nov 2017 - 21:31

Fryske thússoarchorganisaasjes binne alert op mooglike besmettingen mei de MRSA-baktearje. It telefyzjeprogramma Nieuwsuur melde snein dat de saneamde sikehûsbaktearje hieltyd faker bûten de sikehûsmuorren oantroffen wurdt. Neffens Jantine Slippens fan thússoarchorganisaasje Slippens yn Snits hawwe thússoarch-organisaasjes strange protokollen om foar te kommen dat meiwurkers besmet reitsje mei de baktearje. De útstjoering fan Nieuwsuur is neffens har gjin reden om dy protokollen oan te passen.

De MRSA-baktearje is resistint tsjin de measte antibioatika. Trije moannen lyn wie der in útbraak fan MRSA op de kûveuze-ôfdieling fan it MCL yn Ljouwert. Dy ôfdieling is no wer iepen.

Trefwurden: 
MRSA-baktearje thússoarch
(advertinsje)
(advertinsje)