Mear kankerpasjinten, gjin neier ûndersyk GGD nei fleanbasis

06 nov 2017 - 21:14

By omwenners fan de Fleanbasis Ljouwert binne de ôfrûne tsien jier twa persint mear kankergefallen konstatearre as it lanlik trochsneedsifer. It giet om 23 kankerpasjinten. Dat docht bliken út it kankerklusterûndersyk fan GGD Fryslân, dat útfierd is op fersyk fan de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis. Oanlieding fan it ûndersyk wie ûngerêstheid fan omwenners fan de fleanbasis.

De GGD hat ek ûndersyk nei longkanker yn ferbân mei de útstjit fan fynstof. Yn de omkriten fan de fleanbasis binne net mear kankergefallen fêststeld as it lanlik trochsneedsifer. Fierders leit de stjerte fan de omwenners op deselde hichte as it lanlike sifer. De konklúzje fan it GGD-ûndersyk is dat der net mear minsken siik binne troch de oanwêzigens fan de fleanbasis. GGD Fryslân sjocht gjin oanlieding foar fierder ûndersyk. De kommisje lûdshinder sil it rapport sels noch wol beprate.

Trefwurden: 
GGD Fryslân kanker
(advertinsje)
(advertinsje)