Twadde Keamer: Btw op tickets fearboaten Waadsee útstelle

06 nov 2017 - 20:48

It wurdt it kommende jier noch net djoerder om mei de fearboat nei de Waadeilannen te reizgjen. It kabinet moat de ferplichte btw-ferheging mei in jier útstelle, fynt de Twadde Keamer. De fearboaten nei de Waadeilannen binne no noch frijsteld fan btw, mar steatssekretaris Menno Snel fan finânsjes moat dêr fan de Europeeske Uny in ein oan meitsje. Dit hat neffens de Keamer yngripende gefolgen foar de rederijen en de eilânbewenners. De kaartsjes soene takom jier 6 persint en dêrnei 9 persint djoerder wurde.

It kabinet moat it útstel fan de btw-ferheging oangripe om mei reders en gemeenten te oerlizzen oer in goede oplossing. Dat fynt de regearingskoälysje fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie. In grut part fan de opposysje is it dêrmei iens.

Trefwurden: 
fearboat BTW boatkaartsjes
(advertinsje)
(advertinsje)