Slachtoffers brân Sint-Nyk binne twa bruorren

06 nov 2017 - 21:43

By de brân yn Sint-Nyk fan moandei is in 30-jierrige Sint-Nykster om it libben kaam. Hy wie tegearre mei syn broer yn in loads mei in auto dwaande, doe't der in eksploazje ûntstie, folge troch in brân. It fjoer sloech hurd om him hinne en al frij rap stie it hiele gebou yn ljochte lôge. De 35-jierrige broer fan it deadlik slachtoffer rekke swierferwûne De Jouster koe út de loads komme en waard ynearsten opfongen troch in buertbewenner. Dêrnei is er nei it sikehûs brocht.

De 30-jierrige waard earst fermist. Der is in pear oeren nei him socht yn de útbaarnde loads. Dêr waard in kraan by ynset. Om kertier foar sânen waard it sein 'brân master' jûn. Om acht oere waard it stoflik omskot fûn.

Trefwurden: 
brân Sint-Nyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)