Schrier: Provinsje wist ek net fan leechfleanrûtes Lelystêd

06 nov 2017 - 18:53

Deputearre Michiel Schrier fynt net dat de provinsje te let yn aksje kaam is by it ferset tsjin de útwreiding fan Lelystêd Airport. Dat sei er moandeitejûn yn it polityk programma It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje. De útwreiding sil mooglik liede ta leechfleanrûtes oer it suden en súdwesten fan Fryslân, mei alle lûdsoerlêst dy't derby heart.

Neffens Schrier wienen de rûtes lange tiid net bekend. De SP-er ferwyt it ryk minne kommunikaasje. Tagelyk hat Schrier net folle hoop dat de plannen noch opkeard wurde kinne. It soe heechút wêze kinne dat de rûtes wat oanpast wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)