UPDATE: Ungelok op de Ofslútdyk, ien persoan ferwûne

By in iensidich ûngelok op de Ofslútdyk is moandeitejûn om seis oere hinne ien persoan licht ferwûne rekke. De auto fan it slachtoffer belâne troch noch ûnbekende oarsaak yn de middenberm. Fanwegen it ûngelok waarden beide rydbanen rjochting Noard-Hollân ôfsletten en moast it ferkear oer de flechtstripe. Der ûntstie hjirtroch in lange file. Om sân oere hinne waard de skansearre auto fuortsleept en giene beide rydbanen wer iepen foar ferkear.