"Provinsje moat ophâlde mei gemyske bestridingsmiddels"

De provinsje moat it goede foarbyld jaan en ophâlde mei it brûken fan gemyske bestridingsmiddels lykas glyfosaat. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. De bestridingsmiddels stean benammen bekend ûnder de merknamme Roundup.
De partij fynt dat de provinsje hannelje moat nei it beslút fan it Europeesk Parlemint. Brussel en de EU-lidsteaten nimme ynkoarten in beslút oer de bestridingsmiddels. Neffens de FNP is de diskusje breder as de politike kwestje allinnich. It giet oer de negative effekten fan it brûken fan gemyske middels op sûnens, natuer en miljeu, lânbou, iten, wetterkwaliteit en biodiversiteit.