Friezetsjerke yn Rome klear

30 okt 2011 - 14:33

De offisjele ein fan 'e restauraasje fan 'e Friezetsjerke yn Rome is sneintemoarn fierd mei in feestlike tsjinst ûnder lieding fan biskop Van Luyn. Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma spruts de folle tsjerke ta en oerlange in oantinken yn de foarm fan in stik Makkumer diggelguod.

It Frysk folksliet waard spile op it restaurearre oargel. Ek âld-kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels wie der as foarsitter fan de Freonen fan de Friezetsjerke.

De offisjele ein fan 'e restauraasje fan 'e Friezetsjerke yn Rome is sneintemoarn fierd mei in feestlike tsjinst ûnder lieding fan biskop Van Luyn. Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma spruts de folle tsjerke ta en oerlange in oantinken yn de foarm fan in stik Makkumer diggelguod. It Frysk folksliet waard spile op it restaurearre oargel. Ek âld-kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels wie der as foarsitter fan de Freonen fan de Friezetsjerke.De restauraasje hat ien miljoen euro koste en trije jier duorre. Ek de provinsje hat der oan meibetelle en jout jierliks noch in subsydzje fan 10.000 euro om de iepenstelling mooglik te meitsjen en de Fryske identiteit út te dragen. De tsjerke is der lykwols net allinnich foar de Friezen; minsken út de hiele kuststreek fan Flaanderen oant en mei Denemarken komme oer de flier fan de Chiesa dei Frisoni.

(Advertinsje)
(Advertinsje)