UPDATE: Brânwacht siket nei fermiste nei brân yn pleats

06 nov 2017 - 16:49

Der is op dit stuit in grutte brân yn in boerepleats oan de Westend yn Sint-Nyk. Neffens de brânwacht is der noch in persoan yn it pân oanwêzich. De brânwacht besiket dy persoan te rêden, mar dat is lestich fanwege de heftichheid fan it fjoer. Meardere brânwachtweinen binne dwaande de brân út te krijen. Der binne twa traumahelikopters oproppen. By de brân komt safolle reek frij dat de reekplom by it monumint op de Ofslútdyk te sjen is.

UPDATE: Der wiene twa persoanen yn it gebou. Ien persoan is mei swiere ferwûnings nei it sikekûs oerbrocht. In twadde persoan wurdt noch fermist. Yn de loads dy't ôfbaarnd is, stiet antyk en in auto. Minsken yn de direkte omkriten moatte ruten en doarren ticht hâlde. De brânwacht kin it gebou net yn, omdat it te gefaarlik is. Der is in spesjaal team stjoerd om de brânwachtminsken op te fangen.

UPDATE: Om sawat 18.10 oere hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle. Der wurdt fierder socht nei de fermiste. Dêrby set de brânwacht een kraan yn. De brânwacht is no oan it neiblussen.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)