Cambuurtrainer Dijkhuizen is ien wedstriid skorst

06 nov 2017 - 16:29
Trainer Marinus Dijkhuizen - Foto: ANP

Trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur mist de thúswedstriid tsjin Fortuna Sittard op 17 novimber. Hy mei net op de bank sitte omdat er skorst is troch it fuotbalbûn KNVB. Dijkhuizen waard freed fuortstjoerd troch de skiedsrjochter neidat er protestearre hie by in doelpunt fan NEC, omdat der sprake wie fan gefaarlik spul. Hy is foar twa wedstriden skorst, mar ien dêrfan is ûnder betingst.

(advertinsje)
(advertinsje)