Jorrit Bergma rydt massastart mei Koen Verweij

© Neeke Smit
Jorrit Bergsma sil tegearre mei Koen Verweij de massastart ride. Dat hat bûnscoach Geert Kuiper bekend makke. Verweij wûn de lêste massastart op Thialf en wie dêrtroch al wis. Verweij joech dêrnei oan graach mei Sven Kramer ride te wollen, mar de bûnscoach hat foar Bergsma keazen. Arjan Stroetinga is reserve. By de froulju ride Irene Schouten en Janneke Ensing. Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean is reserve.
Bergsma is ek selektearre foar de ploege-achterfolging, lykas ek Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen. By de froulju binne Antoinette de Jong, Marrit Leenstra, Jorien ter Mors en Ireen Wüst opnaam. By de teamsprint dogge gjin Friezen mei by de manlju. Letitia de Jong en Janine Smit dogge mei de froulju wol mei.