Dúnatter op Skiermûntseach yn nije hannen

06 nov 2017 - 15:59
Foto: Omrop Fryslân

Swimbad en fitnesssintrum De Dúnatter op Skiermûntseach is oernaam troch Optisport Exploitaties. It wie hjirfoar yn hannen fan de Nederlandse Leisure Groep. De oername hat gjin konsekwinsjes foar de minsken dy't der wurkje: dy geane allegear mei oer. En der feroaret ek neat oan de iepeningstiden, dy bliuwe gelyk. Optisport hat 350 lokaasjes yn Nederlân, België en Lúksemboarch. It haadkantoar sit yn Tilburch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)