Steatssekretaris: "btw op boatkaartsjes Waadeilannen moat"

06 nov 2017 - 15:50
Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De nije steatssekretaris fan Finânsjen Menno Snel hâldt fêst oan de ynfiering fan btw-belesting foar de feartsjinsten op de Waadsee. Neffens Snel akseptearret de Europeeske Kommisje it net dat Nederlân gjin btw heft op kaartsjes foar de boat nei de eilannen. De maatregel soe op syn bêst útsteld wurde kinne.

Yn de Twadde Keamer is in soad ferset tsjin de ynfiering fan btw foar de oertocht mei de fearboaten. Under oare it CDA, de SP en 50-plus binne tsjin.

Trefwurden: 
BTW boatkaartsjes fearboat
(advertinsje)
(advertinsje)