Jildboete foar kokaïnebesit

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 20-jierrige man út Twizelerheide moat 300 euro boete betelje, omdat er betrape wie mei in heale gram kokaïne. Dat lei klear op opsnúfd te wurden. De man hie earder alris in wurkstraf hân foar drugsbesit. Dêrom mocht de rjochter him net wer in taakstraf oplizze. Omdat de fertochte krekt in nije baan hat, woe de rjochter him gjin selstraf jaan en waard it in jildboete, wol mei in proeftiid. As er binnen twa jier wer de fout yngiet, moat er nochris 700 euro betelje.