Koperkanaal mei HaFaBra-muzyk no ek op YouTube

It Koperkanaal mei HaFaBra-muzyk fan Omrop Fryslân is tenei ek te sjen op YouTube. De livestream mei opnamen fan harmony-orkesten, fanfare-orkesten en brassbands op konkoersen, festivals en konserten bestiet al in pear jier as 24-oers audiostream, mar dêr komt dus no ek byld by. It kanaal is fia de webside op de kompjûter en fia de app te beharkjen.
Andries de Haan en Sijtze van der Hoek, beide diriginten, ha moandei de offisjele iepeningshannelingen dien yn De Middei fan Fryslân. Om kertier oer trijen wie it momint dêr troch op in reade knop te drukken.
Beide mannen jouwe sûnt in jier kommentaar by de optredens en hâlde nei ôfrin ek ynterviews mei diriginten en orkestleden. "Dat wienen se fansels hielendal net wend, mar no witte se al dat se fuort de mikrofoan ûnder de noas krije. Meast wurdt der knap spile, mar we seagje ek wolris even troch. We binne wol kritysk."
Op it nije Koperkanaal-YouTube-kanaal steane al sa'n 35 opnamen fan SurventoBrass 2017, it Gouden Spiker Festival en it ONFK. Dit sil de kommende jierren fierder útboud wurde. Op 18 novimber is it Koperkanaal oanwêzich by it OMF muzykkonkoers yn De Lawei yn Drachten. "It is leuk foar orkesten om har prestaasje werom te sjen. Dat kin no makliker as op it audiokanaal, want dat giet 24 oeren deis troch."