Nederlânsk rekôr kâld itensiede foar Feanster skoalbern

06 nov 2017 - 14:22

Twahûndert-en-trije bern út de heechste groepen fjouwer basisskoallen op It Hearrenfean ha moandei it Nederlânsk rekôr kâld itensieden troch bern ferbettere. It rekôr waard helle yn iisstadion Thialf en wie ek it startskot foar de kampanje 'Groente...zet je tanden erin'. Dy kampanje moat derfoar soargje dat bern sûner ite en libje.

Foar it rekôr makken de bern fegetaryske wraps mei roomtsiis, iisberchslaad, tomaat, komkommer, paprika, biezelok en piterseelje. It âlde rekôr wie yn hannen fan Vries yn Drinte, dêr diene 179 itensiedende bern oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)