Fryslân is provinsje mei measte CO2-útstjit yn feangreide

06 nov 2017 - 13:51

Fryslân is de provinsje mei de measte CO2-útstjit yn feangreidegebieten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek en de Wageningen Universiteit. Trochdat de grûnwetterstân ferlege wurdt, ferdrûget en oksidearret it fean. En dêrtroch komme broeikasgassen frij. Dat is yn Fryslân it slimste, folge troch Drinte en Súd-Hollân.

Neffens de ûndersikers hinget de útstjit bot ôf fan hoe djip oft de grûnwetterstân is. Wat djipper, wat grutter de útstjit. Yn it Fryske fean sit it grûnwetter relatyf djip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)