Sint bringt in 'bûnt selskip' mei nei Dokkum

Kleurde piten by de yntocht yn Maassluis © ANP
Sinteklaas komt dit jier mei in 'bûnt selskip oan helpers' nei Nederlân. Dat lit de NTR witte. Wat de rol fan it 'bûnte selskip' krekt is, en hoe't se der útsjogge wol de omrop noch net sizze. De NTR kundige efkes lyn noch oan dat de kleure piten fan ferline jier, yn alle gefallen net weromkomme. By de gemeente Dongeradiel binne oant no ta noch gjin oanfragen binnenkaam om by de yntocht fan 18 novimber te demonstrearjen.
Foarige jierren wiene der ferskate protesten fan sawol foarstanners as tsjinstanners fan Swarte Pyt. Takom wike wurdt mooglik mear dúdlik oer de Piten, want dan begjint it Sinteklaas Sjoernaal wer.