Fryske bern krije les yn toskboarsteljen

Fyftjinhûndert bern op Fryske basisskoallen krije dizze wike les yn toskboarstelje. De GGD organisearret dizze wike foar de fjirde kear de 'Friese Tandenpoetsweek'. Dat bart yn gearwurking mei learlingen fan ROC De Friese Poort. Treddejiers studinten jouwe de lessen op 32 Fryske basisskoallen, it is in ûnderdiel fan har eksamen.
Doel is mei de lessen de gebitten fan de bern sûn te hâlden. De lessen wurde jûn yn groep trije, dêr't in soad bern yn sitte dy't har tosken wikselje, en yn groep sân, omdat âlden fan dy bern faak net mear neipoetse.