"Provinsje moat rapper wurkje oan duorsume huzen"

06 nov 2017 - 13:04

De steatefraksje fan de PvdA wol dat de provinsje flugger oan de slach giet mei it duorsum meitsjen fan wenningen yn de provinsje. De partij wol dit woansdei foarinoar krije by de behanneling fan de provinsjale begrutting foar 2018. Neffens de partij rint it ombouwen fan huzen yn Fryslân te stadich. It jild dat hjirfoar nedich is komt pas yn 2020 beskikber. Ien fan de foarstellen fan de PvdA is om it jild fan it gearwurkingsprojekt De Fryske Deal al yn 2018 yn te setten hjirfoar.  Dizze deal is in proef fan inkele oannimmers, wenningkorporaasjes, gemeenten en de provinsje om 3000 wenningen enerzjyneutraal te meitsjen. Ek wol de partij dat it jild út it 'oanfalsplan wenningmerk' wêryn't jild frijmakke is foar duorsume bou, behâlden bliuwt foar it kreëarren fan in duorsume Fryske wenningmerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)