Fiskjende vlogger út Snits is hit op Facebook

06 nov 2017 - 13:20

"It wol noch net bite. No bêste minsken. Dit wie it wer." Noch mar in pear wiken is Nino Schaap út Snits syn fiskaventoeren oan it filmjen, mar syn vlogs binne no al hiel populêr op Facebook. Syn side 'Nino Schaap de fisker út Snits op Skerjon klompen' docht it goed. Syn lêste filmke, dêr't er neat yn fongen hat trouwens, is al mear as 217.000 kear besjoen. "Dat filmke is as in bom ûntploft. Ik hie net tocht dat der safolle reaksjes op komme soenen," fertelt er yn Muzyk yn Bedriuw.

Fan it wykein hie er ek fiske, mar net filme. "Moarns woe it earst net bite, ek al siet ik op in gouden plakje, mar middeis siet ik ergens oars en doe ha ik in snoekje fongen fan tachtich sintimeter. Snoekbears fang ik trouwens it leafst."

Wurdt Nino de nije Enzo Knol? "Dat hoopje ik wol, ik bin oan it neitinken wat ik fierder noch mear dwaan sil." Nino wurket gewoanwei by in melkfeehâlderij yn Tsjalhuzum. "Ik melk alle dagen kij. En simmers ryd ik lekker op de trekker, dat is ek in gouden plakje."

(advertinsje)
(advertinsje)