Steatsboskbehear kapt sike beammen yn Stiens

06 nov 2017 - 12:17

By Stiens ferdwynt in bosk. Dat bart yn opdracht fan Steatsboskbehear. De kap fan 2.000 oant 3.000 beammen is moandei begûn. Fierwei de measte beammen yn de Stienzerbosk binne al dea troch de skimmelsykte esketûkstjerte. Dat smyt gefaarlike situaasjes op, want minsken meie der graach kuierje en de beammen falle hiel maklik om. As it wurk dien is, wurdt in nij bosk plante mei in grutter ferskaat oan soarten.

Mei de kap yn Stiens begjint in folle gruttere operaasje yn hiel Noardwest-Fryslân. Der binne folle mear doarpsboskjes mei deade esken; 80 prosint fan de esken yn bosken fan Steatsboskbehear binne siik. Allinnich yn Stiens wurde suver alle beammen kapt; yn de oare bosken wurde de sike beammen der tusken úthelle as sy gefaar opsmite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)