Partij voor de Dieren hat noed oer oerlêst fleanbasis

06 nov 2017 - 11:31
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren wol mear erkenning foar de oerlêst fan de fleantugen fan de fleanbasis Ljouwert. Neffens de fraksje hat Noardwest-Fryslân it ôfrûne jier in soad oerlêst hân fan de ekstra trainingen fan wapenynstrukteurs op de fleanbasis. De fraksje freget him ôf oft der wol in kompleet byld is fan de skealike gefolgen fan de oefeningen foar it Waadgebiet en de fauna op de fêste wâl. In goed byld fan dy gefolgen is nedich om maatregels nimme te kinnen, seit de fraksje. Dy makket him ek soargen oer de gefolgen fan it lûd foar it toerisme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)