Thialf krijt nije earegalerij mei reedrydkampioenen

06 nov 2017 - 11:25
Reedrydtimpel Thialf - Foto: ANP

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean krijt dizze wike in nije earegalerij. Dizze komt by de haadyngong en is in kado fan de Koninklijke IJsvereniging Thialf. Mei it kado stiet de feriening stil by it 50-jierrich bestean fan de keunstiisbaan. De besteande galerij yn de tunnel nei it middenterrein sneuvele by de ferbouwing fan it iisstadion. De galerij bestiet út foto's fan Europeeske en wrâldkampioenen reedriden.

Nij is dat de galerij fia in QR-koade ek digitaal te sjen is. De galerij wurdt freed ûntbleate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)