Iepenloftmuseum De Spitkeet bout gruttere ûntfangsthal

06 nov 2017 - 11:15

Iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema wreidet út. Der wurdt in gruttere ûntfangstromte boud. "As we no in bus fol besikers krije, sit de hal fol. Mei de útwreiding kinne we ek ris twa groepen tagelyk ûntfange," fertelt Freark de Vries. "Ek it sanitêr pakke we oan." By de bou wurkje minsken mei in ôfstân nei de arbeidsmerk. Se krije in oplieding, sadat se dêrnei yn de maatskippij oan it wurk kinne.

Yn it museum is te sjen hoe't minsken eartiids libben. "Giest werom yn de tiid," fertelt Willem Weening fan De Spitkeet. "Ald en jong komt hjir, foar de jeugd is it belangryk om te sjen hoe't it der earder útseach." Besikers komme út hiel Nederlân en sels út it bûtenlân. It park is fjouwer hektare grut. It iepenloftmuseum bestiet sûnt 1990 en lûkt hieltyd mear besikers. Ferline jier kamen der mear as 15.000 minsken nei it temapark op De Harkema.

Trefwurden: 
De Spitkeet De Harkema
(advertinsje)
(advertinsje)