Mooglik koart pleit tsjin provinsje om wynmûnen

06 nov 2017 - 10:22

As de provinsje tiisdei beslút dat de plannen foar it wynpark Nij Hiddum Houw yn te sjen binne, dan tsjinnet woansdei in koart pleit fan Stichting Hou Friesland Mooi tsjin it kolleezje fan Deputearre Steaten. Fia de rjochter wol de aksjegroep de provinsje ferbiede om it plan ynsjen te litten. De aksjegroep is tsjin de njoggen grutte wynmûnen dy't by de Ofslútdyk komme moatte.

De stichting set sels yn op in lokale enerzjykoöperaasje dy't duorsume enerzjy opwekket mei in kombinaasje fan sinne- en wynenerzjy. Sa binne der minder en lytsere wynmûnen nedich. Earder stapte de stichting út de omjouwings-advysried foar it wynpark om't se it gefoel hie dat allinnich de ynbring fan de provinsje en de inisjatyfnimmers gewicht hat.
 
 

(advertinsje)
(advertinsje)