Alden 'not amused' nei wyldemansrit fan 16-jierrige soan

06 nov 2017 - 08:04
Feilichheidsriem

In 16-jierrige ynwenner fan Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis. De jonge wie ûnderweis yn de wyk Aldlân doe't plysjes him yn de gaten krigen. It rydgedrach fan de joyrider foel op. De jonge bestjoerder negearre lykwols it stopteken fan de plysje, wêrnei't in efterfolging ûntstie. Hjiryn skeelde it net folle of de fertochte hie mei de auto tsjin in lantearnepeal en parkearre oare auto's oan sitten. Pas doe't de plysje de sirene en swaailjochten oandie, trape de jonge op de rem. Hy sei dat er net goed neitocht hie, en dat er de auto fan syn heit pakt hie sûnder te oerlizzen. De jonge hat in proses-ferbaal krigen en syn âlden binne ynljochte. Neffens de plysje wiene dy 'not amused' mei it nijs fan de wyldemansrit fan harren jeugdige soan.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)