Kollum: "Twizelerheidag"

06 nov 2017 - 08:30

"‘Ga lekker zelf in je kracht staan.’ In fantastyske titel. Ik seach twa wike lyn it boek fan Japke-d Bouma yn de boekhannel lizzen. It giet oer alle managementtermen en klisjees dy’t jo as wurknimmer op in gemiddelde ôfdieling alle dagen te hearren krije. Ik haw it boek meinaam as Sinteklaaskadootsje foar ús marketing en kommunikaasje ôfdieling by de NHL. Want ek dêr flapperje my de earen somtiden fan de fantastyske útdrukkingen.

Efkes in lytse skets om in idee te krijen fan wat der sa op myn dei al net foarby komt oan managementtaal. Litte we begjinne mei de term ‘Je rol pakken’, wat eins simpelwei betsjut datst dochst watst dwaan moast. Yn myn gefal dus teksten skriuwe. Dan hawwe wy noch it prachtige ‘Iets tegen je aanhouden’, wat safolle betsjut as: sjoch der efkes nei. Noch sa’n moaien ien: ‘In de lucht komen’, wat neat mear of minder is as efkes reagearje. En ta beslút it poëtyske ‘Hou me maar in de loop’, wêrby’t it wurdsje loop dus op syn Ingelsk útsprutsen wurde moat. Betsjut hiel simpel: hâld my efkes op ‘e hichte.

Gean in dei by ús op de ôfdieling sitten en kinst der mei gemak in boek mei folje. Foar de grap haw ik in wike lang alle wurden en termen opskreaun. Fan ‘invliegen, aanvliegen en aanhaken’ oant ‘het net ophalen, aan bomen schudden en terugkoppen’. Dat is de noch frij netsjese kategory. Hast ek it wat plastysker sjenre, mei in dûbelsinnige betsjutting. Bygelyks: ‘de doelstelling opharden’, ‘iets inmasseren’ en fansels it wolbekende  ‘vruchtbare overleg’.

Mar de meast skunnige hearde ik ferline wike. Doe hiene wy oerlis oer in tekst en sei ien fan de oanwêzigen: ‘Ik vind dat je heel dicht tegen de kern aanschurkt’. Jakkes jong. Tegen de kern aanschurken docht my oan hiel oare dingen tinken. Saken dy’t sa ien twa trije neat mei tekstskriuwen te krijen hawwe. Mar hy bedoelde it eins hiel netsjes. Tegen de kern aanschurken is datst de krekte toan en boadskip hást te pakken hast.

Yntusken bin ik de measte termen al wol aardich wend. Ik sjoch net mear op of om as der ien ropt: ‘We moeten de communicatie oplijnen’. Gjin flau idee wat it is, mar meastentiids krij ik dêrnei wol in mailtsje dêr’t yn stiet wat ik dwaan moat. En wat noch folle slimmer is: ik begjin der sels ek al oan mei te dwaan. Lêstendeis hearde ik mysels freegjen: ‘Hé, wie is hier eigenlijk in de lead?’ En wylst ik it sei, tocht ik ‘oh oh’. Ik bin de folgjende dieder fan it feringelskjen fan ús taal.

Want dat is wat wy dogge. Wy ferfange Nederlânske wurden bewust foar in sjikere Ingelske fariant. Sa behelje wy gjin doelen mear by ús op de ôfdieling mar 'milestones'. En hiene we it eartiids oer klantkontakt, tsjintwurdich binne dit 'customer journeys'. Presys itselde, mar dan út in boekje.

En ik bin net de iennige dy't dit opfalt. Der is sels al in spultsje útfûn datst mei dyn kollega’s dwaan kinst: Bullshit Bingo. Hearst yn in fergadering of oerlis in managementterm foarby kommen, dan meist ‘m trochkrasse op de kaart. En hast in folle kaart, dan ropst Bullshit.

Best grappich, mar gefaar is wol dat we aanst net mear gewoan prate kinne. Dat ik myn beppe op in jierdei spam mei termen as 'corporate communication' en 'benchmarken',  en dat sy ôfheakket om’t ik net mear it gewoane wurd wit foar wat ik eins doch.

Ik stel dan ek foar om ynkoarten in 'Heidag' oer dit tema te hâlden. En dan net yn ien of oare fancy ynspiraasje-oard yn de Rânestêd mei farske smoothies en munttee. Nee, gewoan yn it doarpshûs fan Twizelerheide. Dêr sit in sjuery klear dy’t by elk bullshit wurd op in reade knop drukt. Dejinge dy’t it wurd brûkt hat, is ferplichte om it yn gewoane taal te sizzen. In Twizelerheidag; it soe foar hiel wat ôfdielingen net sa’n gek idee wêze. Miskien moat ik it aanst mar efkes ‘zacht in de lijn lande’ litte."

(advertinsje)