Auto yn it wetter bedarre by Boarnburgum

© De Vries Media
Op De Krite yn Boarnburgum is sneintejûn in auto by in iensidich ûngelok yn it wetter bedarre. Ien fan de ynsittenden fan de auto koe sels wer op de kant komme. Hy is letter mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net bekend wat syn ferwûnings binne. De Krite hat ôfsletten west foar ferkear.
Helptsjinsten sochten op it plak fan it ûngelok noch nei in twadde persoan dy't mooglik yn de auto sitten hie. Op waarmtekamera's fan de plysje wie te sjen dat mooglik op twa stuollen ien sitten hie. By in syktocht waard gjin twadde persoan oantroffen.